De 57-ste Lytse PC in gouden dei mei Rene Anema as kening

It wie yn dûbel opsicht in finale, de striid tusken it partoer fan Rutger van der Meer en dat fan Gerrit Groen as ynfaller foar de blessearde Feite de Haan. Ommers de winner soe ek de lêste siklus winne en mei bepalend wêze foar promoasje nei de haadklasse. Feite koe rêstich tasjen dat syn pertoer dy striid kwa stân ienfâldich yn har en syn foardiel beslikke mei 5 om 1 doe’t op 6-4 de keats foarby slein waard troch syn maten. Feite de Haan sil dus takom seizoen mei Rene Anema en Willem Rienks starte as haadklassers. At dat ek jild foar Rutger van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Jan Hospes sil earst yn novimber bepaald wurde neffens HB lid Piet Zondervan dy’t de prizen fan de siklus útrikte. Yn syn slotwurd rekke Piet Zondervan de goeie snaar troch alle earste klas keatsers in kompliment te jaan hoe’t se dit seizoen yn Mantgum ôfsluten. Want mei alle respekt foar de prestaasjes yn de krite wiene it foaral ek oare saken dy’t makken dat it in gouden dei mei gâns hichtepunten wie foar it Fryske keatsen.

Dat begûn al mei de prachtige list mei mar leafst tritich partoeren. It is lang lyn dat safolle keatsers de loop nei Mantgum makken. It wurdt echt wer De partij fan it seizoen foar de hearen senioaren dêr’t elkenien hinne wol. Talint likegoed as âlde gloarje en net te ferjitten de keatsers dy’t op dizze partij ôfskie nimme. Alde gloarje, mei Piet Zondervan as ljochtsjend foarbyld dy’t 25 jier neidat er sels de lytse PC wûn as earegast en dielnimmer noch as in jonge god yn ‘e krite stie mei net minder illustere maten as Sjirk Gjalt de Groot en âld PC winner Pieter Tienstra. Se krigen mar ien buordsje tsjin Partoer René Janse mar se wiene der. En dan Yde Klaas Dijkstra, foarich jier by syn ôfskie noch winner. Hy fleach der yn de earste omloop al ôf mei alles oan de hang mar waard bijlotte en wûn ek noch de tredde priis mei syn nije maten Gerrit Meijer en Tjibbe Hansma. Yn de heale finale ferlearen sy nei in spannende partij op 5 om 4 en 6-4 fan de lettere winners. En sels de foarich ophoden haadklasser Dirk Jan van der Woud wie der mar koe mei syn maten de twadde list krekt net helje. En dan de gelegenheidskeatsers mei moaie ludike selsbetochte nammen as Achmed Smid en Mappie Elgersma. Ek sy fleagen der yn de earste omloop út. It binne allegear foarbylden fan de gemoedlikheid, de fleur dy’t belibbe wurdt en de fiten dy’t úthelle wurde. Wol mei striid yn de krite mar likegoed maten dêr bûten. Maten fan elkoar en fan it omsittend laach dy’t inoar om dea bestride mar inoar ek in soad gunne. Elk wie der om te winnen mar foaral ek as earbetoan oan dy fiif keatsers dy’t ôfskie namen en safole betsjutten ha foar dit moaie spultsje. Peter Dijkstra foarich jier noch winner en mei hast 25 kear rekorddielnimmer oan de Lytse PC. Frou en bern en in spandoek joegen him de eare dy’t er fertsjinnet. Keatsend koe er it spitigernôch net oprêde. Hy sneuvele yn de earste omloop. Dat lot wie der ek foar Mannes van Weert. En dan Durk van der Meer en Andre Iedema foarige wike noch twa kear yn de krânzen mei Rene Janse en dus ek hjoed ien fan de favorite partoeren. Sy moasten yn de twadde omloop mei 5 om 4 en skjinne 6 belies jaan tsjin Reinoud Monsma cs. Spitigernôch troch fjouwer opslachmissers op rige. De grutte ‘lytse’Johannes Dijkstra hood it langer fol. De winst op it toppartoer fan Johan Abma, Karel Nijman en Gert-Jan Meekma op de tredde list wie yndrukwekkend mei 5 om 2 en skjinne seis. Yn de heale finale en stiene op 5 om 2 in earst fan de finale ôf. Hy en syn maten wiene doe útpoept en ha noait de seis wer helle tsjin Rutger en syn maten. Fiif matadoaren op rige dy’t foar de finale in keninklik ôfskie krigen fan harren keatsmaten. Jan Hospes hong harren allegear in prachtige krânse om en spruts harren ta En hoe! Fan elk fan harren hie er in persoanlik wurdsje.By elk wist er de goeie snaar te reitsjen en helle hichtepunten oan. Yn ien wurd grutte klasse. Hy, it publyk, de keatsers en de organisaasje hawwe dizze mannen in weardich poadium bieden foar harren ôfskie. In dekôr en in poadium wat dizze mannen mei rjocht fertsjinnen. It soe my net fernuverje trouwens dat we dizze mannen op de Lytse PC noch wolris sjogge. Peter Dijkstra hat al tasein dat er der dan wer by is. It wurdt maten dat neffens my allinne by keatsen brûkt wurdt krige yn Mantgum in bysûndere ynhâld. Soms ha je it gefoel dat alle oandacht ( en net altyd posityf foar it keatsen) útgiet nei de hearen haadklassers. Dy mannen en dus it keatsen kinne net sûnder dizze leafhawwers en breedtesporters. Hoe sportyf dizze mannen ek sosiaal meiïnoar omgeane, kin in soad ta foarbyld wêze. Maten binne ek de taskôgers, de mannen mei de wite petten en de froulju mei de termoskannen, heiten en memmen en soms ek pakes en beppen. Ek sy waarden eard troch de keatsers. De trije jier lyn ynstelde Janse skaal foar de trouwste taskôger waard no nei ek wer in yndrukwekkende speech fan de Marten Hiemstra oanbean oan Sjouke Sjoukema. It folk stie der manmachtich omhinne en wie ûnder de yndruk, klapte de hannen stikken mar wiene ek meiïnoar stil as earbetoan de ferstoarne nammejouwer fan de priis. Wie it dan allinne mar in noflik, ferdivedearjend en sosiaal barren foaral om it fjild yn Mantgum.? Om de blinder net. Der waard fûleindich keatst. Om elke punt en earst waard striden en dat levere flouwer moaie priiswinners op. En in moai affysje foar de finale dêr’t de twa bêst prestearende partoeren fan de lêste siklus inoar bestrieden. Rutger van der Meer en dy hiene foar dy finale yn trije omlopen mar fiif buordsjes weijûn troch mei nammen prachtich perkwurk en tuskenspul fan Jan Hospes en Renze Pieter Hiemstra. Just dat perk rûn yn de heale finale tsjin Jehannes Dijkstra oant 5 om 2 net geweldich. Mei troch in wiksel yn it perk pakten se de tried wer op en gunden Johannes en dy gjin buordsje mear. Elk hie Johannes op syn lêste partij sa graach de finale gund mar keatsend waarden der gjin kadootsjes útdield en ek dat is in teken fan sportiviteit. De loop fan Gerrit Groen en dy nei de finale wie dreger. Tsjin Marten van der Leest, Michel van der Veen en Dennis Wijnjeterp hiene se der 5 om 4 wol ôfkind. Op fiif earsten gelyk en 6-4 sleepte Rienks de partij yn de wacht troch foar de keats te retournearen. De tredde omloop stiene se yn in sucht mei 5 om 1 foar tsjin it jonge talint Hyltsje Bosma, Peter van Dijk en Marten Faber. Doe pakten se it eefkes te makklik op en joegen noch in spul fuort om úteinliken op 5 om 3 en 6-2 de winst te pakken. Yn de heale finale koene se it partoer fan Klaas Yde Dijkstra ek mar net kwytreitsje. Op fjouwer earsten gelyk en 6 gelyk wie it Rene Anema dy’t mei in fraaie boppeslach dat belangrike foarlêste earst pakte. Op skjinne 6 die Tsjebbe Hansma mei twa fraaie aksjes noch wat werom mar doe’t se dêrnei de keats op de middelline net foarby koene, wie it oer. De ferwachting wie dat de finale spannend wurde soe tusken dizze twa favoriten. Rutger van der Meer en konsorten pakten it earste buordsje op seis gelyk. Se makken dêrnei wol punten mar pakten trije kear op seis gelyk net de earsten troch twa kear it perk te missen en in soad kweaslagen. De wyn dyt net al te hurd wie mar wol ferfelend dwers op it fjild stie en soms sels achter de stuiten weikaam wie trouwens foar in soad perkspilers in probleem. It bruts yn alle gefallen Renze Pieter en Jan Hospes op en se krigen net in buordsje mear.Wat Renze Pieter ek besocht oan de stuiten ( hy sloech in kear of wat diagonaal op fanôf de boppepeal) se koene it perk fan Willem Riensk en Renee Anema net mear brekke. Op 5 om 1 en 6-4 koene se de keats net behâlde en mocht Renee Anema foar de twadde kear achterelkoar (foarich jier winner mei Peter Dijkstra en Yde Klaas Dijkstra) de krâns mei nei Gaasterlân nimme. Renee waard foar syn dûbelrol beleane mei de keningstitel. Mar mei alle respekt foar dizze winners, de dei wie foaral keninklik om wat der bûten it keatsen om barde. Hulde oan al dy keatsers, publyk en organisaasje foar dizze gouden Lytse PC-dei mei sierlik waar, oprjochte emoasjes, spanning, sensaasje en fansels de sfearfolle neisit yn it prachtige multifunksioneel sintrum fan Mantgum. Popke van der Zee De priiswinners 1. Gerrit Groen Wergea René Anema Balk Willem Rienks Wageningen 2. Rutger van der Meer Dolsterhuzen Renze Pieter Hiemstra St. Jabik Jan Hospes Grins 3. Johannes Dijkstra Ljouwert Eppie Weidenaar Bûtenpost Peter de Boer Frentsjer Yde Klaas Dijkstra Makkum Gerrit Meijer Hurdegaryp Tjibbe Hansma Mûnein

Geplaatst op 09 September 2006